Selstraf foar Drachtster nei mishanneljen eks

28 maaie 2019 - 15:35

In 36-jierrige man út Drachten dy't syn eks-freondinne mishannele en gizele hat, is troch de rjochter feroardiele ta njoggen moanne sel en tbs mei twangferpleging.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn septimber ferline jier wie de man de wenning fan syn eks yn Drachten ynkaam troch de foardoar yn te traapjen. Hy woe jild fan har hawwe. Hy knypte de frou har kiel ticht en hold har fêst yn it hûs.

De man hat in lang strafblêd, brûkt in soad drank en drugs en is faak agressyf. Neffens de rjochter hat hy in persoanlikheidssteurnis en is tbs de iennichste manier om syn psychiatryske problemen oan te pakken. De man mei fiif jier lang gjin kontakt sykje mei syn eks.

(advertinsje)
(advertinsje)