HEA! In wallabyjong yn Kollum

28 maaie 2019 - 15:32

It komt net alle dagen foar dat je de fraach krije om in wallabyjong op te fangen. It oerkaam Martine Heidstra fan Kollum. Doe't Skippy út de bûdel fan har mem fallen wie en net werom koe, seach it der beroerd út foar de lytse wallaby. Mar Louw Detmar, behearder fan it Kollumer hartekamp dêr't de wallabys ferbliuwe, hat yn Martine in goeie surrogaatmem fûn. Ynkoarten sille se besykje de wallaby wer werom yn it hartekamp te pleatsen.

Trefwurden: 
Kollum Hea! Wallaby
(advertinsje)
(advertinsje)