CDA Fryslân: wêrom gjin jild mear nei Energiewerkplaats?

28 maaie 2019 - 15:08

De steatefraksje fan it CDA is ferbjustere troch it beslút fan de provinsje om gjin subsydzje mear te jaan oan de Energiewerkplaats Fryslân. De Energiewerkplaats is in netwurkorganisaasje wêryn't frijwilligers mei oerheden gearwurkje oan inisjativen op it mêd fan de enerzjytransysje.

Griene enerzjy - Foto: Shutterstock.com

It CDA seit dat de stipe oan enerzjykoöperaasjes just fan grut belang is foar it fan ûnderop organisearjen fan lokale duorsumensinisjativen en foar it draachflak fan de enerzjytransysje. De partij krige berjocht fan de Energiewerkplaats sels dat der gjin subsydzje mear komt.

CDA-steatelid Johan Tjalsma stelt dêrom fragen yn de Steaten. Hy wol witte wêrom't der gjin provinsjaal jild mear hinne giet. "Sûnder profesjonele stipe wurdt it foar de frijwilligers fan de koöperaasjes hast ûnmooglik om projekten op in goede wize fan de grûn te tillen."

Boppedat freget Tjalsma hoe't de provinsje lokale enerzjykoöperaasjes helpe wol, as se de Energiewerkplaats net mear stypje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)