Slagge crowdfundingsaksje foar iishockeyfanaat Gerard Bos

28 maaie 2019 - 14:28

Gerard Bos út Ljouwert kin nei de slagge crowdfundingsaksje takom wike nei Amearika foar de lanlike iishockeyfinale. Syn Amerikaanske freonen hawwe de aksje foar him opstart en dat die al gau fertuten. In anonime Amerikaan hat hast it folsleine bedrach fan de yn totaal 1.550 euro donearre.

Sportsjoernalist Bos is in grut supporter fan de St. Louis Blues, in iishockeyklup út Amearika dy't dizze dagen yn de finale om de Amerikaanse lânstitel stiet. Tsjinstanners dêryn binne de Boston Bruins.

"It like wol Bananasplit"

Bos siet moandei yn de útstjoering fan Fryslân Hjoed en hie it dêr oer syn passy foar de Blues. "It kin gau gean", sei er no tiisdei. "De útstjoering wie noch mar krekt ôfrûn en doe bliek dat in ûnbekende Amerikaan 1.350 euro lapt hie. Doe wie it yn ien kear klear. It like wol Bananasplit, mar ik haw it kontrolearre en it kloppet. Der is ien dy't út goeie bedoelings dat jild donearre hat."

De donateur wol anonym bliuwe, mar is lykas Bos in grut fan fan de St. Louis Blues. Takom wykein sil de Ljouwerter hinne, mar it is noch mar de fraach oft er in kaartsje bemachtigje kin. "It is krekt de Champions League hjir yn Europa; elkenien dêr wol der hinne."

Gerard Bos fertelt oer de slagge crowdfundingsaksje

(advertinsje)
(advertinsje)