Ekstra jild foar ynspeksje dy't fêstmeitsjen konteners kontrolearret

28 maaie 2019 - 13:46

De Inspectie Leefomgeving en Transport krijt der tsien prosint ekstra jild by, sa is moandei bekend wurden. Dizze ynspeksje is ûnder oare ferantwurdlik foar de kontrôles op it goed fêstmeitsjen fan konteners yn de Nederlânske havens.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It jild is bedoeld foar ekstra hanthaveners en der wurdt ekstra ynvestearre yn nije kennis en technology. Oft it ek brûkt wurdt foar ekstra kontrôles op it fêstsetten fan konteners, wit de ynspeksje op it stuit noch net. Dit jier krijt de ynspeksje der 10 miljoen euro ekstra by. Yn 2020 is dat 12 miljoen euro en dêrnei elk jier 15 miljoen euro.

Twivels

Ut ûndersyk fan Omrop Fryslân en RTV Noord die earder bliken dat saakkundigen grutte twivels hawwe oer it goed fêstmeitsjen fan konteners op kontenerskippen.

(advertinsje)
(advertinsje)