Boargemaster Smellingerlân slút Drachtster drugswenning

28 maaie 2019 - 12:22

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân hat tiisdei in wenning oan De Brekken yn Drachten sletten fanwegen drugs. De plysje trof yn it hûs in wytkwekerij oan en ek waarden soft- en harddrugs fûn.

Foto: Srfotografie

Om't der in soad drugs oantroffen waard, hat de boargemaster op grûn fan de Opiumwet besletten de wenning foar trije moannen te sluten. Dêrmei moat drugskriminaliteit tsjingien wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)