Brecht Wassenaar is ferrast troch it grutte tal kreativelingen yn Fryslân

28 maaie 2019 - 11:57

"Ik wie ferrast trochdat der safolle minsken hjir wenje dy't ek mei keunst en kultuer dwaande binne." Sa sjocht de 29-jierrige Brecht Wassenaar werom op it Kulturele Haadstêdjier. Se is aktrise en teätermakker en fielt har no einlik thús yn Ljouwert.

Oan wurk gjin gebrek. Brecht jout kultuerlessen op skoallen, spilet by Tryater en yn de Omrop Fryslân-searje 'Kening Hert & Harry Hazze' en regissearret it iepenloftspul 'De Riedselman' fan Aldegea (Sm).

"Foarich jier gebeurde der fan alles en koe ik hiel maklik oare minsken moetsje dy't itselde dogge as ik, mar bygelyks yn in oare dissipline. Minsken dy'tst oars net sa gau treffe soest", fertelt Wassenaar. It wie foar har in gerêststelling, dat der ek yn Fryslân in soad kreative en ynspirearjende jonge makkers binne.

Brecht hat nei har stúdzje faak twivele oft se net nei it Westen ferhúzje moast. Se is net fuortgien, mar fielde har hjir net altyd goed by. Dat is no feroare. "Nei 2018 fiel ik my mear thús hjir en sjoch ik dat hjir ek kânsen binne."

Ferslachjouwer Wendy Kennedy yn petear mei aktrise en teätermakker Brecht Wassenaar

It Kulturele Haadstêdjier sit derop. De keunst en kultuer yn Fryslân hawwe in flinke boost krigen. Mar is dat bliuwend? Om dit te ûndersykjen folget Omrop Fryslân dit jier ferskate jonge kreativelingen dy't der bewust foar kieze om yn Fryslân te bliuwen, om't se hjir kânsen sjogge. Earder seagen we by Wytse Dijkstra en Esther de Jong.

(advertinsje)
(advertinsje)