Europeesk lieder FNP is 'polityk finzene': "Unfoarstelber dat we dy ha yn Europa"

28 maaie 2019 - 16:37

De Europeeske Frije Alliânsje (EFA), de politike partij foar regionale partijen dêr't ek de FNP by heart, hat it goed dien by de Europeeske ferkiezingen. De partij groeit fan 11 nei 13 sitten. De 'Spitzenkandidat', Oriol Junqueras, sit lykwols yn foararrest fêst yn Spanje. "Hy is in polityk finzene", seit FNP-Steatelid Sybren Posthumus.

De plenêre seal fan it Europeesk Parlemint yn Brussel - Foto: Omrop Fryslân

Trije fan de trettjin sitten fan de EFA wurde ynnaam troch de Skotten fan de Scottish National Party. Mar de politisy komme ek út Baskelân, Letlân, Kataloanië, Korsika, Wales en Dútslân. De Skotse sitten geane fansels wer ferlern op it stuit dat it Feriene Keninkryk út de Europeeske Uny stapt.

Kaaiposysje

Posthumus is tige wiis mei de winst en hy tinkt dat de partij yn oparbeidzjen mei de Grienen in kaaiposysje krije kin by de ûnderhannelingen yn Europa. Posthumus is dêrby kritysk oer Frans Timmermans as kandidaat-foarsitter fan de Europeeske Kommisje. "Timmermans neamde yn 2017 it geweld tsjin de Katalaanske dielnimmers oan it referindum oer ûnôfhinklikheid 'proporsjoneel'. Der binne doe 900 minsken yn it sikehûs slein! Ik fyn dat net te leauwen."

It is ûnfoarstelber dat we politike finzenen ha yn de Europeeske Uny, mar sa is it wol.

Sybren Posthumus

De Katalaanske kwestje is wichtich foar de EFA, want lieder Junqueras, sit op dit stuit yn Spanje yn de finzenis foar syn rol by it Katalaanske ûnôfhinklikheidsreferindum. "Junqueras is gjin krimineel. It is ûnfoarstelber dat we politike finzenen ha yn de Europeeske Uny, mar sa is it wol."

Foto: ANP

Posthumus hopet dat Junqueras yn july gewoan syn plak yn it Europeesk Parlemint ynnimme kin, mar dat is op dit stuit noch lang net wis.

FNP-steatelid Sybren Posthumus oer de winst fan de EFA

De FNP hat der sels foar keazen om net mei te dwaan oan de Europeeske ferkiezings fan ferline wike. In bewuste kar, seit Posthumus. "Foar in sit hawwe je wol 200.000 stimmen nedich. Dat rêde je allinnich as alle Friezen FNP stimme soene en dat is fansels in yllúzje." Mar foar de takomst slút Posthumus neat út. "As je meidwaan soene yn gearwurking mei oare regionale partijen, lykas we yn de Earste Keamer dogge mei de OSF, dan meitsje je miskien wol kâns op in sit."

Posthumus hat sels wol stimd by de Europeeske ferkiezings, mar wol net sizze op hokker partij.

De fraksje fan de EFA yn it Europeesk Parlemint bestiet op dit stuit út de folgjende partijen: Ahora Repúblicas (gearwurking Spaanske regionale partijen 3 sitten), Scottish National Party (3 sitten), Plaid Cymru út Wales (1 sit), Régions et Peuples Solidaires út Frankryk (1 sit), Nieuw-Vlaamse Alliantie (3 sitten), Latvian Russian Union (1 sit) en de Ökologisch-Demokratische Partei út Dútslân (1 sit).

Noch mear Katalanen?

Posthumus slút net út dat by de definitive fraksjefoarming yn it Europeesk Parlemint noch in pear Europarlemintariërs foar de EFA kieze sille. De Katalaanske presidint-yn-ballingskip Carles Puigdemont wûn ferline wike de Europeeske ferkiezings yn Kataloanië, mar hat him noch net by in fraksje oansletten. Wat Posthumus oanbelanget is er fan herte wolkom by de EFA: "It giet om in demokratysk keazen politikus."

(advertinsje)
(advertinsje)