Haaien yn en om Waadsee krije GPS-stjoerders mei

Undersikers wolle rûge haaien yn en om de Waadsee folgje mei lytse GPS-stjoerders. Ek wurde der kamera's mei aas ynset boppe de eilannen om de bisten te finen. Dat seit ûndersiker Paddy Walker fan de Nederlandse Elasmobranchen Vereniging. Dizze feriening docht ûndersyk nei haaien en roggen yn Nederlân en de Nederlânske oerseeske gebieten.
Waadsee haaien krije GPS stjoerderkes mei
Yn 2015 sette in projekt útein om haaien te merken. Garnalefiskers waarden frege om de haaien dy't as byfangst boppe wetter kamen, mei merkjes werom te setten. Dêrfan is noch gjinien werom fongen. Mei de fiskers wurdt fierders in soad ynformaasje útwiksele.

Kreamkeamer

Undersikers tinke dat de Waadsee wichtich is foar de soart as kreamkeamer, mar wis is dat net. De fangst troch in fisker fan in haai mei merkje út Skotlân is in dúdlike oanwizing foar de ûndersikers dat it dochs in goed idee is om hjir tiid yn te stekken.
De metoade mei GPS-stjoerders hat Walker al earder tapast by ûndersyk yn it Karaïbysk gebiet nei tigerhaaien. De kamera's mei aas binne al earder brûkt yn de Waadsee, mar it trochsicht fan it wetter wie net goed genôch. De kamera's wurde dêrom no ferpleatst nei lokaasjes boppe de eilannen.
© Facebook Seehûneopfang Skylge