Fryske Miljeufederaasje oan provinsje: kom mei fisy op it lânskip

28 maaie 2019 - 10:57

De provinsje moat in 'lânskipsfisy' ûntwikkelje. Dat seit de Fryske Miljeufederaasje (FMF). Sy hawwe praat oer de nije omjouwingsfisy 'De Romte Diele' fan de provinsje, mar dêrút wurdt neffens de FMF net dúdlik hoe't de provinsje omgiet mei natuer en lânbou.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De FMF hat mei de efterban praat oer de omjouwingsfisy. Njonken dat der gjin fisy op it Fryske lânskip is, neame se it proses te 'faach' en wurde de doelen fan de provinsje net stipe. Dêrom freegje se har ôf oft de omjouwingsfisy realistysk en helber is. "Hielendal mei it each op de ambysje om it Natuurnetwerk Nederland yn 2027 te realisearjen. Natuer en lânskip binne synonym en ha in yntegrale wurkwize nedich."

Wachtsje op nije koälysje

Provinsjale Steaten prate op 25 septimber oer de omjouwingsfisy. It is noch wachtsjen op de nije koälysje, foar't der in ynhâldlike diskusje komt en it definitive beslút falt. Dêr op foarútrinnend docht de FMF in pear oanbefellings oan de provinsje. Sa sizze se dat in lânskipsfisy as basis tsjinje moat foar de omjouwingsfisy en dat de provinsje dêrfoar gebrûk meitsje moat fan de lânskipfisy fan It Fryske Gea.

(advertinsje)
(advertinsje)