Wurksumheden foar Wynpark Fryslân: noch mar ien rydstrook by Breesândyk

28 maaie 2019 - 10:42

Ferkear op 'e Ofslútdyk tusken Breesândyk en Koarnwertersân moat fan takom wike moandei ôf rekken hâlde mei fertraging. Fanwegen wurksumheden, as tarieding op de oanlis fan Wynpark Fryslân, is yn beide rjochtingen oant de ein fan dit jier noch mar ien rydstrook beskikber.

Foto: Camjo Media

Sa wurde der ljochtmêsten en ferkearsbuorden pleatst en flechthavens oanbrocht. De tydlike ferkearssituaasje duorret oant 20 desimber fan dit jier.

Wynpark Fryslân wurdt boud yn it noardlike part fan De Iselmar. Der komme leafst 89 wynturbinen, wêrfan't de earsten al yn 2020 stroom opwekke moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)