Kollum: "In eilân fol tsjinstellings"

28 maaie 2019 - 08:10

"Ofrûne wykein wie yn alles in bysûnder wykein. Ik wie nammentlik oanwêzich by it Friesendroapen, in gearkommen fan minsken út Westfryslân, ús provinsje en folk út East- en Noardfryslân. Bedoeld om inoar better kennen te learen, en de bannen dy't der al binne fierder te fersterkjen. Dy gearkomste fynt plak op Helgolân, in eilân yn de Noardsee, op sa'n trije oeren farren fan Bremerhaven.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Nei in rûzige oertocht begûn freedtemiddei in wykein fol fan tsjinstellings. Dêr't wy de middeis yn de koarte broek oer it eilân panderen, stiene wy jûns yn in termo-ûnderbroek en mei stive tepels by de barbekjû te blaubekjen. It eilân sels is ek ien grutte tsjinstelling. Oan 'e iene kant de prachtige, reade kliffen, de rotsen dêr't de jan-van-genten tahâlde en Düne mei syn bysûndere floara en fauna. Oan de oare kant de skoulilke, mâle gebouwen dy't it eilân in mistreastich en deprimearjend oansjen jouwe.

Dy tsjinstelling sette him troch yn de dielnimmers, dêr't jong en âld beide yn fertsjinwurdige wiene. Dat sette him lyksa troch yn de programmearring fan it evenemint. Metal neist midsiuwske klanken, folksdûnsjen yn tradisjonele klean neist mytologyske kuiers, muzikale jamsessy's en natoerekskurzjes. Op snein katerswimmen neist in tsjerketsjinst. It âlde 'sa't it altyd west hat' stie foar 'sa't it wêze moat' oer. It ferline en de takomst seagen inoar yn de eagen.

Ien fan de kuiers oer it eilân mocht ik foar myn rekken nimme. Ik ha it oer Foste hân, de mytyske Fryske god fan rjocht en rjochtfeardigens, de god dy't it eilân ek syn oarspronklike namme jûn hat, dat wol sizze: Fostelân. Oer de myte fan it Fostelân is in protte te fertellen. Myten binne kultureel kapitaal. Kultuer as goed dat materiële wearde hat, tink oan âlde boeken en skriften.

Mar ek kultuer as ymmaterieel guod, wêrby't myten as oantsjutters fan nasjonale identiteit wurkje, en sa brûkt wurde om de status fan de mienskip, sawol yntern as nei bûten ta, te fersterkjen. Myten binne it semint fan in kollektive identiteit. Mytology biedt de bêste mooglikheden, de bêste ynstruminten foar in folk of naasje om de takomst, trocht it ferline, treast te wêzen en stal te jaan.

It moaie is dat soks fuortendaliks bliken die. Der binne ommers plannen oanset dy't sawol ekonomysk as kultureel fan grutte betsjutting wêze kin. It ferline en de takomst omearmen inoar. Net allinne yn polityk-kultureel, ek yn minsklik opsicht. Jong en âld mong him op spontane wize. Sneontejûn dûnsen en hollebatsten lju yn tradisjonele klean op metal fan Skalnastal en akoestyske folk fan Baldrs Draumar. Metalheads en âlde hippy's stiene te hupsen op de midsiuwske klanken fan Frisia non Cantat.

De demonstraasje fan it folksdûnsjen dêrby waard entûsjast troch elkenien ûntfongen, krekt as de oanset foar in nij ynterfrysk folksliet dat út de jamsessy ûntstien wie. Miskien noch wol it meast symboalysk wie de húshâlding fan eardere asylsikers, dêr't de heit en mem as lid fan de Eastfryske folksdûnsgroep yn tradisjonele klean folop yn meidiene. Achtslein troch harren jongste fan twa, dy't yn de hantsjes stie te klappen. Frjemd waard eigen yn in kollektive identiteit.

Sa rekke ik nei in bysûnder wykein as in riker man fan it eilân as dat ik derop kommen wie. En seach ik op de weromreis yn stoarmich waar hoe't katers op de boat yn de wylde weagen fan de Noardsee fersûpt waarden. Want feest wie it."

(advertinsje)