Kuierders 11-Stêdetocht ûnderweis foar earste dei

De 73ste edysje fan de 11-Stêdekuiertocht is tiisdeitemoarn om sân oere begûn. De start wie yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. It startskot waard jûn troch foarsitter Wiebe Wieling fan de keninklike feriening De Friesche Elf Steden.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Oan de fiifdeiske tocht dogge 650 dielnimmers mei. Dy kuierje elke dei gemiddeld mear as 40 kilometer. Op de lêste dei, de sneons, hawwe harren 850 minsken ynskreaun.

Sliepskippen

De organisaasje hat ekstra sliepskippen yn it sintrum fan Ljouwert lizzen, dêr't de dielnimmers oernachtsje kinne. It oernachtsjen op de sliepskippen wurdt hieltyd populêrder, benammen ûnder bûtenlânske dielnimmers.
Ferslachjouwer Bauke Deelstra by de kuierders
Tiisdei is de earste etappe fan de kuier. Dy giet fan Ljouwert nei Sleat en is 49 kilometer lang.
Dei 1: Ljouwert - Sleat ca. 49 km
Dei 2: Sleat - Warkum ca. 44 km
Dei 3: Warkum - Frjentsjer ca. 42 km
Dei 4: Frjentsjer - Dokkum ca. 44 km
Dei 5: Dokkum - Ljouwert 28 km