Hoe giet it mei de troch brân dupearre famylje út Sint-Jabik?

28 maaie 2019 - 07:21

De donearaksje foar de famylje fan Anneke de Groot fan Sint-Jabik stiet stil. De wenpleats, dêr't fjirtjin pleechbern wennen, fleach healwei april yn 'e brân. No, fiif wiken letter, wenje de bern wer byinoar yn in hierhûs yn it doarp, mar oan de pleats is noch neat bard.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

"De online ynsammelaksje hat yntusken 30.000 euro opsmiten, mar dêr kin wierskynlik allinne de hier fan it hûs fan betelle wurde", fertelt Wouter de Groot. "En noch net de weropbou fan de pleats." Neist de online donearaksje hat it benefytkonsert yn TDF yn Berltsum noch 6.500 euro opsmiten.

Noch gjin weropbou

De weropbou fan de pleats is noch net úteinset. De Groot wit ek net wannear't dat wol bart, mar hopet dat it sa gau as mooglik kin. "Wy sjogge it leafst dat alles plat giet", seit hy. "Wy hawwe ek wol mei oare minsken sprutsen dy't in brân meimakke hawwe en dy sizze ek dat as je binnen de besteande muorren bouwe, je yn 'e simmer noch hieltyd de brân rûke."

De Groot is tige bliid mei alle donaasjes, mar hopet ek dat der noch hieltyd jild binnen komt.

(advertinsje)
(advertinsje)