Auto rydt hast wetter Tjerk Hiddesslûs by Harns yn

De bestjoerder fan in auto hat moandeitejûn yn Harns alle gelok fan de wrâld hân. De man ried op de Alde Ringmuorre en rekke by de Tjerk Hiddesslûs troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk.
© Srfotografie
De auto skeat nei ûnderen, mar de bestjoerder koe krekt foarkomme dat hy yn it wetter bedarre. De auto kaam op de basaltblokken ta stilstân. De man rekke wol licht ferwûne en is troch meiwurkers fan de ambulânse neisjoen.
De auto rekke swier skansearre. It wie foar de berger noch in hiele put om de auto fuort te heljen.