CDA, PvdA en CU/SGP skoare yn Fryslân flink better as lanlik

27 maaie 2019 - 23:06

Fjouwer partijen ha it by de Europeeske ferkiezingen better dien yn Fryslân as it lanlik trochsneed. De trije útsjitters binne it CDA, de Partij van de Arbeid en de ChristenUnie/SGP. Ek de SP docht it yn Fryslân krekt wat better as lanlik.

Foto: Omrop Fryslan

Fan alle Friezen dy't tongersdei in jildige stim útbrocht hawwe, die 22,4% dat op de Partij van de Arbeid. Gjin inkelde partij die it better. Ek lanlik wie de Partij van de Arbeid it populêrst, mar net sa bot as yn Fryslân: 18,9%. Dat is in ferskil fan 3,5 prosintpunt.

By it CDA is it ferskil it grutst. It CDA, yn Fryslân de twadde partij ôfrûne tongersdei, krige hjir 15,7% fan de stimmen. Lanlik wie de CDA mei 12,1% de tredde partij, nei de PvdA en de VVD. In ferskil fan 3,6 prosintpunt dus.

De ChristenUnie/SGP wie mei 8,5% fan de stimmen de fiifde partij yn Fryslân. Lanlik sjoen wie dy kombinaasjepartij de sechsde partij mei 6,8%, mei oare wurden: in ferskil fan 1,9 prosintpunt.

De lêste partij dy't yn Fryslân better skoarde as lanlik wie de SP. Dat ferskil wie wol wat minder grut: 3,9% om 3,4%. Mei de 3,9% lanlik soe de SP wol krekt de kiesdrompel helle ha, mar om't se lanlik op 3,4% stekken bleaun binne, sit de SP de kommende fiif jier net yn it Europeesk Parlemint.

Yn Fryslân minder populêr

Alle oare partijen diene it yn Fryslân minder goed as lanlik. By GroenLinks, D66 en 50PLUS is dat ferskil it grutst. GroenLinks krige oer it hiele lân sjoen 10,9% fan de stimmen, yn Fryslân 8,1%. By D66 is it ferskil krekt wat minder grut, mar noch hieltyd grutter as twa prosintpunt: lanlik 7,0% en yn Fryslân 4,6%. Ek by 50PLUS is it ferskil grutter as in prosintpunt: lanlik 3,9% en yn Fryslân 2,8%.

Europeeske ferkiezingen

Fryslân Nederlân Ferskil
PvdA 22,4% 18,9% 3,5
CDA 15,7% 12,1% 3,6
VVD 14,5% 14,6% -0,1
FvD 10,8% 10,9% -0,1
CU/SGP 8,5% 6,8% 1,7
GL 8,1% 10,9% -2,8
D66 4,6% 7,0% -2,4
SP 3,9% 3,4% 0,5
PvdD 3,6% 4,0% -0,4
PVV 3,3% 3,5% -0,2
50PLUS 2,8% 3,9% -1,1
Volt 1,1% 1,9% -0,8
DENK 0,2% 1,1% -0,9

Alle oare partijen krigen yn Fryslân én Nederlân minder as 1% fan de stimmen.

De PvdA krijt seis sitten yn it nije Europeeske Parlemint. Dêrnei komme CDA en VVD (elk fjouwer), Forum voor Democratie en GroenLinks (elk trije), D66 en ChristenUnie/SGP (elk twa), 50PLUS en Partij voor de Dieren (elk ien). De PVV en SP komme neffens de foarriedige útslach net yn it nije Europeesk Parlemint.

It Europeesk Parlemint bestiet út 751 sitten. Nederlân leveret dêr 26 fan. Mocht it Feriene Keninkryk út de Europeeske Uny stappe mei Nederlân trije ekstra Europarlemintariërs leverje. Dy sitten geane dan nei de VVD, nei Forum voor Democratie en nei de PVV.

(advertinsje)
(advertinsje)