Alvestêdekuiertocht set tiisdei útein: "We liftsje noch op sukses LF2018"

27 maaie 2019 - 21:07

De kuiertocht fan 207 kilometer, yn fiif dagen, troch de Fryske alve stêden set tiisdei wer útein. De 73e edysje fan de Alvestêdekuiertocht wurdt tradisjoneel yn de wike foar Himelfeartsdei holden. De dielnimmers komme oeral wei en hawwe derom ek in sliepplak yn de buert nedich. Dat kin ûnder oare op sliepskippen, dêr't hieltyd mear belangstelling foar is.

Oan de Harlingervaart yn Ljouwert lizze de sliepskippen oan de kade en komme de earste dielnimmers oan board. Se binne bliid mei de akkommodaasje dy't de organisaasje oanbiedt.

Dit jier binne der mear as 800 ynskriuwingen foar de kuiertocht. Foaral foarich jier wiene der in soad ynskriuwingen troch Kulturele Haadsted. "We liftsje no noch op dat sukses mei", fertelt Jurjen Meijer fan it bestjoer fan de Alvestêdekuier. De organisaasje hat dêrom dit jier fjouwer sliepskippen mear boekt foar de kuierders. "Foarhinne slepten de dielnimmers op matraskes yn in frachtskip. Der stie dan ek in Dixi yn", fertelt Meijer.

Dit jier hawwe de dielnimmers it wat lúkser. Der binne klippers bykaam mei sliephutten foar trije oant fjouwer persoanen. Ek sit der op de skippen in romte dêr't eltsenien bymekoar komme kinne en neiprate kin oer de dei. "As je betinke hoe't it oare jierren gong, dan soene je dat no nea mear oanbiede", seit Meijer.

Yn in drokke Alvestêdehal yn Ljouwert sette moandei de ynskriuwing útein. Dielnimmers komme dêr ek yn de kunde mei-inoar. Ien fan harren is Edwin van Wijngaarden út it Brabânske Hank. Hy hat ûnderfining mei de Nijmeegse Vierdaagse, mar noch net mei de Alvestêdekuier. "Het is de eerste keer dat ik meedoe aan de Elfstedenwandeltocht", fertelt er.

Ek Rob Minion út Bergen op Zoom hat wol de Nijmeegse Vierdaagse kuiere, mar docht no foar it earst mei yn Fryslân. Hy hat der sin oan. "Het lijkt me mooi om door de omgeving van Fryslân te lopen", seit er. "En we geven natuurlijk nooit op."

Tiisdei is de earste etappe fan de kuier. Dy giet fan Ljouwert nei Sleat en is 49 kilometer lang.

Dei 1: Ljouwert - Sleat sa'n 49 km

Dei 2: Sleat - Warkum sa'n 44 km

Dei 3: Warkum - Frjentsjer sa'n 42 km

Dei 4: Frjentsjer - Dokkum sa'n 44 km

Dei 5: Dokkum - Ljouwert 28 km

(Advertinsje)
(Advertinsje)