Poepjes bliid mei jild Ofslútdyk: "Net allinnich goed foar Fryslân, mar foar it hiele lân"

27 maaie 2019 - 20:50

Al hat it Ryk 40 miljoen ekstra beskikber steld foar it ferbreedzjen fan de slûzen yn de Ofslútdyk, der is noch in gat fan seker 40 miljoen. Likegoed is it in belangrike stap yn de ferbettering fan it stik ynfrastruktuer. Dat seit CDA-deputearre Sietske Poepjes yn It Polytburo.

It hiele projekt kostet sa'n 200 miljoen, mar it belang giet boppe dat fan allinnich Fryslân út, seit Poepjes: "Ik bin der as provinsjale bestjoerder hiel bliid mei dat it Ryk dat ek sjocht. Dit is net allinnich goed foar Fryslân of foar it Noarden, mar foar hiel Nederlân." It ferbreedzjen makket it mooglik foar gruttere skippen de Ofslútdyk te passearjen.

Der leit dus noch in gat fan 40 miljoen euro en it is no ôfwachtsjen wa't dat betellet. De provinsje? Poepjes slút neat út. "We moatte der yn alle rêst ris goed nei sjen."

Ik tink dat ús lûd net goed by de kiezer foel.

Sietske Poepjes oer de útslach fan de Europeeske ferkiezingen

Poepjes hie wat in dûbeld gefoel oer de útslach fan de Europeeske ferkiezingen. Sa die har eigen partij it net geweldich. "Dat foel wat ôf, we hiene ek op oare resultaten rekkene. Ik tink dat ús lûd - pro-Europa mar wol op in normale manier - net goed by de kiezer foel."

It ôffallende resultaat leit neffens Poepjes net oan de kampanje. "Ik ha sels in reklamespotsje mei Esther de Lange makke, ûnder oare oer ús mienskiplike hobby: it bakken. Dat holp noch by de Steateferkiezingen, mar it foel no wat ôf."

Dat de Partij van de Arbeid de grutte winner waard, kin Poepjes mei libje. "It hat my ferrast, want de útslaggen by foarige ferkiezingen liken hjir net op. Mar ek al is de PvdA net myn partij; it is wol in partij fan it midden, mei in nuansearre lûd oer Europa: der moat miskien wat feroare wurde, mar yn de basis heart Nederlân by de EU. Dat ik tink dat dizze útslach net ferkeard wie."

Optimistysk oer Songfestival

Oer de komst fan it Eurovisie Songfestival nei Fryslân is Poepjes optimistysk. "We ha sjen litten dat we hjir hiel goed in feestje fiere kinne. En we dogge der ek allegear oan mei." Se wiist dêrby op The Passion, Serious Request en foaral Kulturele Haadstêd. Ek de berikberens, oer de dyk en mei fleanfjild Eelde yn de buert, is goed.

Technyske problemen binne neffens har op te lossen. Sa soe it plafond yn it WTC yn Ljouwert ûnfoldwaande heech wêze foar de easken dy't steld wurde oan in TV-programma, mar dat sjocht Poepjes dus net as in net oer te kommen probleem.

(Advertinsje)
(Advertinsje)