Alvestêdehal fynt nije direkteur yn Klaas Siderius

27 maaie 2019 - 20:30

Klaas Siderius (42) fan Grou wurdt de nije direkteur fan de Alvestêdehal yn Ljouwert. Siderius begjint op 1 augustus, as opfolger fan Johan van der Kooi. Dy waard mei yngong fan 1 maaie direkteur fan de BV Sport.

De Elfstedenhal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Siderius wie lange tiid direkteur en oandielhâlder fan Sidijk BV op It Hearrenfean. Dat bedriuw makket lucht- en skomfolde produkten, wêrûnder de luchtkessens lâns in soad keunstiisbanen yn Nederlân, mar ek dêrbûten. Begjin dit jier ferkocht er syn oandielen oan syn kompanjon, omdat er ta wie oan wat oars.

De Alvestêdehal yn Ljouwert waard yn novimber 2015 offisjeel iepene, as opfolger fan syn foargonger út 1979.

(advertinsje)
(advertinsje)