Fokkens krekt net yn Earste Keamer: "Partijbelang boven individueel belang"

27 maaie 2019 - 19:50

Avine Fokkens komt krekt net foar de VVD yn de Earste Keamer. De regearingspartij komt mei tolve sitten yn de senaat en Fokkens stie op it trettjinde plak. Se mocht, as Steatelid, sels ek stimme, mar hat dat net op harsels dien. Har stim gie nei Annemarie Jorritsma, de earste op de list. "Bij ons gaat het partijbelang boven individueel belang. Fractiediscipline noemen we dat."

Foto: Omrop Fryslân

En al hie de VVD wol genôch stimmen krigen foar de trettjinde sit, dan noch hie Fokkens net nei Den Haag gien. "Zoals bekend neem ik voor de VVD plaats in het nieuwe college van Gedeputeerde Staten in Fryslân, als we eind juni geïnstalleerd worden. Dat is niet te combineren met de Eerste Kamer. Het is het één of het ander."

Avine Fokkens

(advertinsje)
(advertinsje)