Beliedsplan SC Hearrenfean: ferlies werom nei twa miljoen

27 maaie 2019 - 19:07

SC Hearrenfean hat syn beliedsplan foar de kommende trije jier klear. It plan hat de titel 'Tegearre foarút' krigen en hat as prioriteit de finansjele sitewaasje fan de klup.

Foto: ANP

Hearrenfean wol de kommende trije jier werom nei in maksimaal operasjoneel ferlies fan sa'n twa miljoen euro. Yn it boekjier 2017/2018 lei dat ferlies op in lytse seis miljoen euro.

Hoe't de klup it legere ferlies berikke wol, is net bekend makke. Dat wurdt pas dien as de rie fan kommissarissen en it stichtingsbestjoer it beliedsplan goedkard ha.

Foar it opstellen fan it beliedsplan hat SC Hearrenfean praat mei fertsjintwurdigers fan de supporters, sponsoaren, frijwilligers en personielsleden.

(advertinsje)
(advertinsje)