Sportoersjoch: silen, Formule 2 en de skoarende skiedsrjochter

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan om de sportive hichte- en djiptepunten te bepraten.
Sportoersjoch 27 maaie
It giet ûnder oare oer silen. Marit Bouwmeester sit al jierren by de wrâldtop, mar se moast by it EK yn Atene de titel litte oan Anne-Marie Rindom út Denemarken.
Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea hat in geweldich wykein yn de Formule 2 efter de rêch. Hy wûn freed de haadrace fan Monako en is opklommen nei it twadde plak yn it klassemint, ien puntsje efter lieder Latifi.
Anne Tauber, de mountainbikester út Oranjewâld, die it in wike lyn noch sa goed. Ofrûne wykein like se wer op wei nei in goed resultaat, mar maleur foarkaam dat.
En in momint út de wedstriid tusken Harkemase Boys en Hoek yn de tredde difyzje is de hiele wrâld oer gien. Skiedsrjochter Paarhuis makke dêr in doelpunt foar de besikers. Dat wie fansels net de bedoeling, mar de hiele wrâld wit it yntusken.
En Omrop Fryslân wie hjoed by de Ljouwerter hockeyklup MHCL, dy't stride om it kampioenskip yn de tredde klasse.