Ferslavingssoarch helpt kliïnten mei Spotify en YouTube

27 maaie 2019 - 18:39

Verslavingszorg Noord-Nederland komt mei muzyk foar ferslaafden op Spotify en YouTube. It kin net allinnich kliïnten helpe, mar eltsenien dy't te krijen hat mei ferslavingsproblematyk.

Neffens de VNN is der in soad muzyk dy't te krijen hat mei ferslaving, of dy't dêr op subtile wize nei ferwize kin. Dêrom hawwe se ferskate playlisten makke mei ûnderwerpen lykas loslitte, ferlies en krêft. It soe de kliïnten bot helpe kinne. Mar ek de omjouwing fan de ferslaafde.

Rap, hardrock en smartlap

De muzyk rint fan rap en hardrock oant smartlap. De yllustraasjes fan de playlisten binne makke troch kliïnten fan VNN. De muzyk is te finen ûnder de namme Verslavingszorg Noord-Nederland. Op YouTube is it de playlist Muziek&Verslaving fan VNN Verslavingszorg.

In spesjale muzyklist foar minsken mei ferslaving op iepenbiere platfoarmen lykas Spotify en YouTube. It klinkt miskien wat nuver, mar sa is it foar eltsenien tagonklik.

Trefwurden: 
muzyk VNN ferslaving Spotify
(advertinsje)
(advertinsje)