Gerbrandy nei Earste Keamer: "Opluchting en wissichheid"

27 maaie 2019 - 18:06

Gerben Gerbrandy fiert syn senaatssit op it terras mei in bierke. "Ik sit lekker yn de sinne. Even delkomme litte." Hielendal wis fan in sit wie de OSF noch net, mar Gerbrandy hie der betrouwen yn. "Neffens de minsken dy't der ferstân fan hawwe, moast dy restsit by ús bedarje. Dat is slagge."

Foto: ANP

De spanning is foarby dus. "Je stelle je der wol op yn. Dus as it dan slagget, dan is der opluchting en wissichheid."

Alle partijen ha de ôfrûne twa moanne bot lobbyd om safolle mooglik stimmen te krijen fan alle Steateleden. En de OSF krige altyd de stipe fan de Grinslanner Partij voor het Noorden, mar diskear net. En dus moast de partij op oare plakken stipe fine. "It bestjoer hat mei ferskillende partijen skeeld en kofje dronken", seit Gerbrandy. "Ik wit net oft dêr in soad útkaam is. Ik tocht it hast net, mar ik ha dêr noch gjin sicht op."

Gerben Gerbrandy

Gerben Gerbrandy is takom snein ien fan de trije gasten yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. Hy sit dêr mei Harry van der Molen (Twadde Keamerlid CDA) en Marijke Roskam (Steatelid PvdA).

(Advertinsje)
(Advertinsje)