Personiel Dockinga College Ferwert: "Af en toe wordt er gehuild en gevloekt"

27 maaie 2019 - 17:58

It personiel fan it Dockinga College yn Ferwert is dwaande mei de lêste wiken dat de skoalle iepen is. Noch in pear wiken en dan slút it Dockinga College yn Ferwert definityf de doarren. Foar Micky Koome fan de administraasje is dy lêste perioade best emosjoneel. "Er wordt hier af en toe gehuild en gevloekt, dat geef ik eerlijk toe. Maar we moeten door voor onze leerlingen."

Micky Koome is al jierren in fêst gesicht op it Dockinga College yn Ferwert. It nijs dat de skoalle de doarren slút, docht har dan ek sear. "Het voelt als een soort van rouwproces. We zijn al een beetje bezig met afscheid nemen. Wanneer ik naar m'n werk rijd, denk ik: ik kan nu nog genieten van al dit moois." In ferrassing wie it nijs fan it sluten fan de skoalle lykwols net. "Ik zag het wel aankomen, maar het is echt verdrietig. Er is menig traan gevallen, want de mensen die hier werken, werken hier met hun hart."

De nekslach

De nekslach foar it Dockinga College wie it beslút om de nijbou net trochgean te litten. "Toen de nieuwbouw niet doorging, wisten we al: dit is het begin van het einde. We waren zo dichtbij en echt heel erg blij met de plannen. Sterker nog: we hadden al een hele club geformeerd die zich bezig ging houden met het nieuwe onderwijsconcept. Maar het strandde uiteindelijk op het geld. De economie trok destijds heel erg aan, waardoor de bouwbedrijven weer duurder werden. Dat is wel heel bijzonder, maar de crisis heeft ook ons genekt."

Pine yn 'e búk

Oant de simmerfakânsje moat Koome noch gewoan alle dagen oan it wurk. Dat falt har sa no en dan swier. "Af en toe word je er thuis ook wel sip van. Dan ga je er over piekeren en lig je er 's nachts van wakker. Ook omdat je eigen toekomst onzeker is. We zijn allemaal Dockinga-personeel, dus die onzekerheid geldt voor iedereen." Pas krekt foar de simmerfakânsje krijt al it personiel dúdlikens. "Dat voel je ook in je buik, ik word er bijna een beetje bozig van. Je wilt dat er aan je gedacht wordt."

De kop derfoar

De kommende wiken is it in kwestje fan folhâlde en de kop der foar. Koome: "We staan hier puur op karakter. Iedereen is hier heel professioneel. Het onderwijs moet wel gewoon doorgaan. Als een docent het even moeilijk heeft en hij wil even huilen of vloeken, dan doen we dat gewoon even apart, zodat niemand het ziet."

Fuort út Ferwert

It nijs sloech in pear moanne lyn yn as in bom: de fêstiging fan it Dockinga College yn Ferwert giet ein fan dit skoaljier ticht. De skoalle hat te min learlingen om de holle boppe wetter te hâlden. Dat binne de hurde feiten.

Mar hoe is it op de skoalle, no't de learlingen en de dosinten mei de lêste wiken yn Ferwert oan de gong binne? We folgje de kommende tiid dosinten, learlingen, de lokaasjelieder en oare meiwurkers. Alle moandeis binne we yn Ferwert, of yn de buert fan it doarp, om de ferhalen te hearren fan de minsken fan it Dockinga College.

(advertinsje)
(advertinsje)