Help minsken fan A nei B op de dei fan de OV-staking

27 maaie 2019 - 17:42

Omrop Fryslân hâldt tiisdei in aksje om minsken fan A nei B te helpen. Dizze aksje moat in diel fan it gat opfolje dat der falt troch de OV-staking. De aksje is foar alle minsken dy't gjin ferfier hawwe troch de staking én foar minsken dy't in plakje frij hawwe yn harren auto.

Foto: ANP

It wurket hiel ienfâldich: ûnder it berjocht op de Facebook-side fan de Omrop kinne minsken oanjaan dat sy plak hawwe yn de auto. Ek kinne minsken oanjaan wêr't sy hinne moatte, en dêr kinne autobesitters dan op reagearje as sy harren meinimme wolle.

Meidwaan oan it inisjatyf is op eigen risiko. It is fansels al tûk om goed te sjen by wa't minsken yn de auto stappe.

(advertinsje)
(advertinsje)