Seizoensôfsluter 'Wedstriid fan de Wike' is Lemmer Ahoy

27 maaie 2019 - 17:26

It is tiid foar de lêste 'Wedstriid fan de Wike' fan dit seizoen. De skûtsjes binne tongersdei, freed en sneon op 'e Lemmer te finen foar Lemmer Ahoy. It is de wichtichste wedstriid yn de tarieding op de SKS en de IFKS.

Der steane wol 52 skûtsjes op de dielnimmerslist. "En dat binne sawol skûtsjes fan de SKS as fan de IFKS," wit sportferslachjouwer Andor Faber. "Dat makket Lemmer Ahoy sa bysûnder. Dizze trije dagen sile se trochinoar." Der binne ferskate klassen en op alle dagen binne yn totaal trije starts, om 10.30, 12.30 en 14.30 oere.

It is de lêste 'Wedstriid fan de Wike' fan dit sportseizoen. De rubryk giet nei Lemmer Ahoy de simmerstop yn.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'.

De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)