Tamara Bok wurdt nije foarsitter fan Neushoorn en Harmoniekwartier

27 maaie 2019 - 16:55

Tamara Bok is fan 1 septimber ôf de nije foarsitter fan kreative hotspot Neushoorn yn Ljouwert. Sy nimt dêrmei de foarsittershammer oer fan Arend Schenkel, dy't earder dit jier ôfskie naam.

Foto: Omrop Fryslân

Bok hat njoggen jier foar de PvdA yn de ried fan Ljouwert sitten, de lêste jierren as fraksjefoarsitter. Yn it deistich libben wurket sy as gebietsmanager Wadden by Steatsboskbehear. Sy wie ek foarsitter fan Stifting Iishal Ljouwert en realisearre yn dy funksje de bou fan de nije Elfstedenhal.

De 51-jierrige ynwenster fan Ljouwert fynt it in eare en in útdaging om Neushoorn wer in stap fierder te bringen. "Leeuwarden zit in mijn DNA. Ik houd van Fryslân, de stad Leeuwarden en wat het haar inwoners te bieden heeft."

Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neushoorn spilet foar Bok in wichtige rol. "Het is een plek die letterlijk voor iedereen wat te bieden heeft: Elke wijk, van jong tot oud en alle culturele en maatschappelijke achtergronden. Die verbindende rol spreekt mij enorm aan en ik kijk ernaar uit om mijn energie en expertise hiervoor in te zetten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)