Nije skippen Doeksen komme oan yn Den Helder

De nije skippen fan rederij Doeksen kamen moandeitejûn oan yn Den Helder. Moandei fearen se foar de kust fan Den Haag, oan board fan de Sun Rise.
Nije skippen Doeksen komme oan yn Den Helder
De skippen soene al earder komme, mar hiene fertraging troch finansjele problemen by de werf dy't de skippen ôfbouwe soe. Nei yntinsyf ûnderhanneljen hat Doeksen besletten om de skippen sels ôf te bouwen.

Subsydzje

Doeksen hat foar it nijbouprojekt in subsydzje krigen fan 1,2 miljoen euro, fan it Waadfûns. Neffens Doeksen bliuwt de finansjele skea fan de fertraging frij beheind.
Direkteur Paul Melles fan Doeksen