OSF behâldt ien sit yn senaat, Gerben Gerbrandy nei de Earste Keamer

27 maaie 2019 - 16:10

De Unôfhinklike Senaatsfraksje (OSF) komt mei ien sit yn de Earste Keamer. De 570 Steateleden en 19 leden fan kieskolleezjes yn Karibysk Nederlân ha dêr moandei oer stimd. FNP'er Gerben Gerbrandy fan Gau is de listlûker fan de OSF. Hy komt no yn de senaat.

Foto: Omrop Fryslân

Yn totaal binne der 75 sitten. De measten binne foar de VVD en Forum voor Democratie. Sy ha elk tolve sitten. Fierder: CDA 9 sitten, D66 7, PVV 5, SP 4, PvdA 6, GroenLinks 8, ChristenUnie 4, 50PLUS 2, Partij voor de Dieren 3 en SGP 2.

Spannend

It wie noch spannend oft de OSF de sit yn de Earste Keamer behâlde soe. Net alle regionale partijen ha dêr nammentlik op stimd: de Grinslanner Partij voor het Noorden hat foar 50PLUS keazen. Uteinlik krige de OSF dus dochs genôch stimmen.

Yn totaal fiif Friezen

Njonken Gerbrandy komme der noch fjouwer Friezen yn de Earste Keamer. Joop Atsma is ien fan harren. Hy sit al 1448 dagen yn de Earste Keamer. Ditkear stie er op it twadde plak foar it CDA.

Ferd Crone komt ek yn de Earste Keamer. Hy nimt takom simmer ôfskied as boargemaster fan Ljouwert en nimt dan foar de PvdA plak yn de senaat. Hy stie op plak trije by de sosjaaldemokraten.

PVV'er Max Aardema, dy't ek fraksjelieder fan syn partij is yn de Fryske Provinsjale Steaten, is sûnt oktober 2018 lid fan de Earste Keamer. Earder siet er ek alris yn de senaat as ferfanger. Hy stie op nûmer fiif fan de PVV-list.

Tineke Huizinga fan It Hearrenfean is nij yn de Earste Keamer. De âld-steatssekretaris fan Ferkear en Wettersteat komt foar de ChristenUnie yn de senaat. Se stie op it tredde plak foar har partij.

Fokkens, Westerveld en Wiersma net

Avine Fokkens (nûmer 13 foar de VVD), Mies Westerveld (nûmer 11 foar de PvdA) en Theun Wiersma (nûmer 7 foar 50PLUS) ha it net rêden.

De OSF is in gearwurkingsferbân fan provinsjale partijen dêr't ek de Fryske Nasjonale Partij by oansletten is. Senator Hendrik ten Hoeve fan It Hearrenfean wie út namme fan de partij de ôfrûne fjouwer jier Earste Keamerlid. Dat wie er ek tusken 2003 en 2011.

(advertinsje)
(advertinsje)