Skip yn ljochte lôge by Jirnsum

27 maaie 2019 - 16:00

Tusken Jirnsum en Akkrum stiet in jacht yn de brân. De reekwolken binne fan grutte ôfstân te sjen.

It giet om in jacht fan likernôch fyftjin meter. De brânwacht wie mei twa auto's teplak om te dwêsten: earst diene se dat mei wetter, letter mei skom. It skip is bot skansearre rekke.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens
Trefwurden: 
Jirnsum Akkrum brân skipsbrân
(advertinsje)
(advertinsje)