Friesland College krijt 640.000 euro fan ynvestearringsfûns

27 maaie 2019 - 15:56

It Friesland College krijt 640.000 euro út it regionale ynvestearringsfûns MBU. Mei it jild moat it middelber beropsûnderwiis yn de agrotechnyk modernisearre wurde. Yn it projektplan dat yntsjinne is foar it fûns wurdt útgien fan in totaalbudzjet fan 2,5 miljoen euro. In grut part fan it restbedrach wurdt opbrocht troch de bedriuwen dy't partisipearje yn it projekt.

Foto: Friesland College

De technyk yn de agraryske sektor ûntwikkelet him hiel hurd. Dat freget fan it Friesland College dat de opliedingen dêr op ynspylje. Yn it plan dat no ûntwikkele is docht ek de brânsjferiening mei, in soad bedriuwen en noch twa oare MBU-skoallen: Aventus yn Apeldoorn en it SOMA college yn Harderwijk.

Ferbinen ûnderwiis en praktyk

Ien fan de ûnderdielen giet om it 'practoraat.' Dat moat soargje foar it ferbinen fan de praktyk mei it ûnderwiis. De nije kennis en ynnovaasje wurdt hjir bondele en der wurde op de praktyk rjochte ûndersiken útfierd.

Johan Nicolai fan it Friesland College

(advertinsje)
(advertinsje)