Burgumer ûndernimmer moat jier finzenis yn om fraude mei falliseminten

27 maaie 2019 - 15:44

De Burgumer ûndernimmer Jouke B. moat in jier de sel yn om't er mei syn bedriuw foar 250.000 euro oan fraudearre hat by falliseminten. Njonken dat jier krijt er ek fjouwer moanne finzenisstraf ûnder betingst. Justysje hie trije jier sel easke.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

In grutte rol yn it dossier spile de bou fan it appartemintekompleks yn Assen.

Neffens de offisier fan justysje hiene B. en trije oaren har skuldich makke oan 'stelselmatige fallisemintsfraude' en dêrmei foar 3,5 miljoen euro fertsjustere. Dy trije oaren hoege net de sel yn. Wol dielde de rjochter taakstraffen út oan de 49-jierrige administratrise fan B. en oan syn frou.

In man fan 75 jier út Beetstersweach is frijsprutsen.

(advertinsje)
(advertinsje)