Scooterrider ferwûne oan de Ruyterwei yn Ljouwert

27 maaie 2019 - 15:30

By in ûngelok op de Ruyterwei yn Ljouwert is moandei in scooterrider ferwûne rekke. De scooter waard ynhelle troch in buske. By dy ynhelaksje kamen de twa mei-inoar yn botsing, wêrnei't de scooterrider foel en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht is.

Foto: Kappers Media

Omstanners hawwe earste help ferliend oan it slachtoffer. De plysje hat in ûndersyk ynsteld en de strjitte ôfsletten. It ûngelok barde moandei om 13.00 oere hinne.

(advertinsje)
(advertinsje)