Van der Vlag en Barto wer aktyf foar SC Cambuur

27 maaie 2019 - 15:23

Peter van der Vlag komt werom by SC Cambuur. Hy wurdt keeperstrainer. De 41-jierrige doelman stie de lêste twa seizoenen ûnder kontrakt by FC Emmen. It ôfrûne seizoen wie Van der Vlag de âldste kontraktspiler fan de earedifyzje. Lyk nei de lêste kompetysjewedstriid kundige hy syn ôfskie oan.

Foto: www.dijksfotografie.nl

Fan 2004 oant 2009 wie Van der Vlag earste doelman by SC Cambuur. Dêrnei spile hy noch foar SC Veendam, FC Emmen en FC Grins. Van der Vlag hat in kontrakt foar ien jier tekene.

Barto trainer fan spitsen

Ek âld-oanfaller Martijn Barto giet werom nei it âlde nêst. Barto, dit seizoen noch aktyf as spiler fan ONS Snits en takom seizoen fan Blau-Wyt'34, wurdt spitsetrainer by de Ljouwerters. Barto spile yn totaal 238 wedstriden foar Cambuur en skoarde dêryn 64 kear.

Foto: www.orange-pictures.nl

Technysk manager Foeke Booy is kontent: "Het zijn beiden harde werkers en echte Cambuurmensen. Ze weten bovendien wat er gevraagd wordt op het hoogste niveau en kunnen dat goed overbrengen."

Sa goed as rûn

De Ljouwerters ha de technyske stêf no sa goed as rûn. Cambuur siket noch wol in twadde assistint njonken Sandor van der Heide. Dennis van der Ree (40) wie dêrfoar yn byld, mar hy makket de oerstap nei FC Twente. Van der Ree wurdt yn Enschede assistint fan trainer Gonzalo García-García. Dit seizoen wie Van der Ree noch coach fan de beloften fan SC Cambuur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)