Cambuur hellet fjouwer jonge spilers by earste seleksje

27 maaie 2019 - 15:10

Sportklup Cambuur heakket foar takom seizoen fjouwer jonge spilers ta oan de earste seleksje. Twa fan de fjouwer sieten dit seizoen yn de belofteploech fan Cambuur, de twa oaren komme oer fan Jong FC Grins.

Foto: www.orange-pictures.nl

Alex Bangura (19) en Stanley Akoy (22) komme beide oer fan Jong SC Cambuur. Sy ha beide in kontrakt tekene foar ien jier mei in opsje foar noch in seizoen. Bangura spile al 13 wedstriden foar Cambuur 1. Akoy noch net.

Fan Jong FC Grins meitsje Kellian van der Kaap (20) en Daniel Bouman (21) de oerstap nei de Ljouwerters. Van der Kaap spile earder ek by Harkemase Boys. By Jong FC Grins wie de sintrale ferdigener it ôfrûne seizoen oanfierder. Bouman, in middenfjilder, makke tolve goals yn 21 wedstriden foar Jong FC Grins. Van der Kaap hat in kontrakt foar in jier tekene, Bouman moat himsels noch bewize foar in profkontrakt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)