HEA! Spierballen by iepen FK Fokhysjen yn Snits

27 maaie 2019 - 15:00

It komt der op oan: in fok op in skûtsje sa gau mooglik omheech draaie. By it Iepen Frysk Kampioenskip Fokhysjen yn Snits kinne de dielnimmers sjen litte wa't de measte spierballen hat. De wedstriid is tagelyk bedoeld om minsken yn 'e kunde komme te litten mei it skûtsje fan Snits, De Sneker Pan en syn bemanning.

(advertinsje)
(advertinsje)