Mear as 300.000 gasten foar it besikerssintrum fan it Woudagemaal

27 maaie 2019 - 14:12

It Yr. D.F. Woudagemaal op 'e Lemmer helle moandei de 300.000e besiker binnen yn it besikerssintrum fan it UNESCO-wrâlderfskip. It duorre 7,5 jier foar dizze mylpeal helle waard, dat is folle earder as it gemaal ynearsten ferwachte. De Dútske Evelyn Baumeister krige in spesjale oaljekanne fan koper oerlange.

Evelyn Baumeister fan Ingersheim (Dútslân) wie de 300.000e besiker - Foto: Omrop Fryslân

Direktrise Hilda Boesjes-Beljon is tige wiis mei it tal besikers: "Ons bezoekerscentrum voorziet in een behoefte. Het is mooi centrum waar gastvrijheid voorop staat en waar jong en oud vanuit de gehele wereld zich welkom voelen."

Mear as ferwachte

It wie ynearsten de bedoeling dat der yn 5 jier in groei komme moast fan 8.000 nei 25.000 besikers. Mar fan it begjin ôf wiene der yn trochsneed al tusken de 35.000 en 40.000 gasten. It heechste tal helle it Woudagemaal yn 2012 mei 56.000 besikers.

Fanút it besikerssintrum wurkje sa'n 120 frijwilligers oan ûntfangsten en rûnliedingen. Yn 2014 waard der foar it earst yn de provinsje in meartalige app yntrodusearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)