Frits Sissing fan Tussen Kunst & Kitsch: "Ik verwacht wel een aantal pareltjes in Friesland"

27 maaie 2019 - 12:59

Skilderijen, ierdewurk, mar ek fazen en byldsjes: der kaam hiel wat foarby moandei yn Museum Belvédère yn Oranjewâld. Dêr binne moandei de opnames foar in nije ôflevering fan it programma Tussen Kunst & Kitsch. Presintator Frits Sissing hat der sin yn. "Ik verwacht wel een aantal pareltjes te vinden in Friesland."

De presintator is tige te sprekken oer de prachtige lokaasje fan Museum Belvédère. Yn 2013 en 2017 wiene der ek al opnames yn it museum. "Het is een heerlijk museum om te gast te mogen zijn. Een fantastische omgeving en er hangen hier mooie werken aan de muur. Een paar schilderijen moesten vandaag van de muur af, omdat wij er zijn", laket de Sissing.

Op syk nei echte skatten

Ut alle hoeken komme minsken nei Oranjewâld mei harren eigen skatten. Doel is fansels om de wiere pronkstikken te ûntdekken. En dat is net allinnich spannend foar de besikers, mar seker ek foar it team fan Tussen Kunst en Kitsch. Sissing: "Ook wij weten van tevoren nooit wat er gaat komen aan schatten. Er komen zo'n 3000 spullen en we weten nooit wat er tussen zit. Zeker voor de experts is het een kick om iets bijzonders te ontdekken."

De útstjoering fan Tussen Kunst en Kitsch yn Museum Belvédère is ein oktober op de telefyzje te sjen.

Foto: ANP Foto

Ferslachjouwer Bauke Deelstra seach by de opnames fan Tussen Kunst en Kitsch

(advertinsje)
(advertinsje)