Gerben Gerbrandy: "Wy moatte ús sjen en hearre litte yn de Earste Keamer"

In spannende dei foar kandidaat senator Gerben Gerbrandy. It is der op of der ûnder foar de FNP'er dy't foar de Onafhankelijke Staats Fractie (OSF) yn de Earste Keamer komme kin. Moandeitemiddei wurdt der stimd. "As ik der yn kom, ha wy fan 'e jûn in feestje."
© Omrop Fryslân
De OSF hat op dit stuit net genôch stimmen foar in selsstannige sit yn de Earste Keamer. Dochs fynt Gerbrandy it tige wichtich dat de ûnôfhinklike partijen in sit krije. "In tredde fan alle stimmen wurdt útbrocht op regionale partijen. Dat lûd fan dy ûnofhinklike partijen moat ek yn de Earste Keamer te hearren wêze. Foar râneprovinsjes lykas Fryslân is it wichtich om ek ris in oar lûd hearre te litten."

Stimmen ronselje

Om der foar te soargjen dat Gerbrandy yn de Earste Keamer komt, is der de ôfrûne tiid folop besocht stimmen te ronseljen. Gerbrandy: "It bestjoer hat him hjir mei dwaande hâlden. Sels minsken op de Antillen binne benadere, mar hoe't dat krekt útpakt, sille we fan 'e middei sjen. De útslach sil om in oere as fjouwer bekend wêze."

Sjen en hearre litte

Gerbrandy hat der alle fertrouwen yn dat de OSF útgroeie kin ta in grutte spiler. "Wy binne noch net hiel lang aktyf op dit mêd, mar ús potinsje is hiel grut. Wy moatte ús sjen en hearre litte yn de Earste Keamer."
Gerben Gerbrandy oer syn kânsen