Iepenbier ferfier leit tiisdei plat: "We kinne net allegearre wurkje oant ús santichste"

28 maaie 2019 - 06:07

Tiisdei is de grutte, lanlike OV-staking. Yn it hiele lân ride der gjin bussen en treinen. De gefolgen foar reizgers binne grut. Fakbûnsbestjoerder Minke Jansma fan it FNV is dúdlik wat it reizgjen op 28 maaie oangiet: "Ik soe oare mooglikheden sykje om earne te kommen. Der sil hast gjin inkelde bus of trein ride."

"Ik tink dat de gaos wol wat tafalt", seit Jansma. "Want der sil gewoan neat ride." Se jout ta dat der altyd wol minsken binne dy't wól wurkje wolle. Mar om't ferfierders net garandearje kinne dat sy minsken ek wer thús bringe kinne, sille sy net útride. Dêr giet Jansma fanút.

Demonstraasje yn Ljouwert

It fakbûn hâldt tiisdei yn Ljouwert in demonstrative tocht rjochting it stasjon. Dêr sil it FNV neffens Jansma 'wat ludyks' útdiele oan de strâne reizgers. "Wy hoopje dat reizgers it snappe, ek foar harren is it doel fan de staking hiel wichtich."

Ferslachjouwer Ronnie Porte seach tiisdeitemoarn op it stasjon fan Ljouwert

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

Neffens Jansma wiene der gjin alternativen te finen foar dizze staking. Fergees reizgje mei bygelyks net mear fan de rjochter. "Wy begripe dat it lestich is, mar it sinjaal moat wol dúdlik wêze. Wy binne der net allinne foar ús sels, mar foar hiel Nederlân."

As der gjin oplossing komt, sille wy gewoan fierder gean.

Fakbûnsbestjoerder Minke Jansma

De fakbûnen stride foar in better pensjoen foar harren leden. Wichtichste ynset is gjin fierdere ferheging fan de AOW-âldens en it skrassen fan de boete as ien al earder ophâlde wol mei wurkjen. Der leit noch hieltyd net in akkoart. "It is oan it kabinet. As der gjin oplossing komt, sille wy gewoan fierder gean. Fan aksje bin ik as fakbûnsbestjoerder nea fiis, mar it soe moaier wêze as it kabinet gewoan wat docht."

It doel hilliget de middels dus. "It libbet ûnder de minsken. Wy kinne net allegearre wurkje oant ús santichste. Benammen by swiere beroppen yn de soarch of bou libbet it."

(Advertinsje)
(Advertinsje)