Gemeente behâldt beammen lâns de Luts yn Balk

De gemeente De Fryske Marren set dizze wike útein mei de tariedings foar wurk oan de kade fan de Luts yn Balk. Op dizze kade stean in grut tal byldbepalende beammen, en dy wol de gemeente graach behâlde. Om derfoar te soargjen dat de beammen it wurk oerlibje, wurde se takom jier tydlik fuorthelle.
It sintrum fan Balk © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It fuortheljen fan dizze beammen kin lykwols net samar en dus wurdt dizze wike úteinset mei de tarieding hjirop. De beammen krije ûnder oare ekstra foedingsstoffen en wêr't dat nedich is krije se in ekstra snoeibeurt. Dêrnjonken sil der sjoen wurde nei de kabels en liedingen yn en by de kade. Hjirfoar wurdt in lytse kraan brûkt, wêrtroch't de dyk gewoan iepen bliuwt.