Platanen hawwe lêst fan 'stress' troch drûch waar

De measte beammen stean al fol yn it blêd mar de beammesoart plataan hat it noch dreech. Yn Ljouwert binne ferskate beammen dy't der siik útsjogge. Neffens de gemeente Ljouwert komt dit troch de drûchte. Ferline jier wie al te sjen dat der skea wie oan de beammen nei de lange drûchteperioade. Dit jier falt op dat in soad beammen let yn it blêd komme en der wat siik útsjogge. Benammen platanen lykje lêst te hawwen fan stress. Ek ipen komme no pas yn it blêd.
Platanen hawwe lêst fan drûch waar
De gemeente Ljouwert hopet dat de skea mei rein wer goed komt. Oer in pear wiken sil ynventarisearre wurde hoe grut de krekt skea is. As âlde monumintale beammen te drûch stean, krije se ekstra wetter. Nije oanplant sit altyd yn in trije-jierrich neisoarchprogramma. Ekstra wetter jaan is neffens de gemeente noch net nedich op dit stuit. As it wer sa drûch wurdt as ferline jier en it Wetterskip beheinings opleit dan sil der neffens in plan wurke wurde.
© Omrop Fryslân, Dieuwke Kroese

'Bladvlekkenziekte'

De kjeld en de 'bladvlekkenziekte' kinne ek in oarsaak wêze fan de suterige beammen. Dat seit Maurits Zeinstra fan Friens. Zeinstra is al tritich jier aktyf yn de beamfersoarging. Neffens Zeinstra kinne platanen just tige goed tsjin te min wetter, omdat it in mediterraanske soart is.
Omdat it yn maaie oant no ta fierstente kâld is, kin it wêze dat de platanen it dreech hawwe. As sy blêd ferlieze hawwe sy 'bladvlekkenziekte' ûnder de leden. Dit komt yn de rin fan de simmer wol wer goed. As Platanen jier op jier dizze sykte krije, komme se wol yn de gefaresône.