Hearrenfean wint fan Almere City

10 nov 2011 - 16:56

Sportklup Hearrenfean hat in oefenwedstriid tsjin Almere City mei 4-1 wûn. Hearrenfean spile mei gjin inkele spiler dy't sneon tsjin Roda JC yn de basis stie. By Hearrenfean ha trije testspilers meidien: de Nigerianen Uzo en Abdullah en de Braziliaan Pacheco. Almere City kaam krekt foar rêst mei 1-0 foar troch in goal fan Ribeiro. Nei rêst soargen Uzo, Sibon, wer Uzo en Kainz foar de doelpunten.

Opstelling Hearrenfean: Oosterhof, Pacheco, Kopic, Kruiswijk, El Akchaoui, Svec, Uzo, Shayesteh, Van La Parra, Sibon en Abdullahi.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean Almere City
(advertinsje)