Saaklike reizgers sykje Fryslân op as alternatyf foar Amsterdam

27 maaie 2019 - 11:33

Saaklike reizgers sykje hieltyd faker bestimmingen bûten Amsterdam. En dêr kin Fryslân in wichtige rol yn spylje. Dat sizze marketing-organisaasjes Merk Fryslân en Friesland Convention Partners op basis fan harren besite oan in grutte ynternasjonale beurs yn Frankfurt. Mei sa'n 9.000 besikers is de IMEX ien fan de grutste fakbeurzen op it mêd fan saaklik reizgjen.

Foto: Shutterstock.com

Neffens Merk Fryslân wiene de reaksjes op Fryslân posityf. In soad minsken wiene ferrast troch it wiidweidige oanbod yn ús provinsje. Neffens de Fryske partners lizze der troch de beurs no konkrete oanfragen foar ynternasjonale selskippen dy't Fryslân oandwaan wolle.

Frysk oanbod

"Amsterdam raakt vol," seit Yvonne Hulleman fan Merk Fryslân. "Het is simpelweg te druk in de Nederlandse hoofdstad. Planners zijn daarom op zoek naar nieuwe bestemmingen, met name de markt die zakelijke bijeenkomsten met activiteiten wil combineren. Men reageerde verrast door het veelzijdige Friese aanbod."

De ISPA (International Soeciety for Performing Arts) keas Ljouwert as lokaasje foar har jierkongres. Yn 2020 is Fryslân de gasthear foar it ynternasjonale ICAR Interbull feefokkongres.

Troch bekroaningen yn de spotlights

Ferskate bekoaningen út 2018 hawwe Fryslân yn de spotlights setten as bestimming foar sakereizen. In jier lyn helle Fryslân it tredde plak yn de renommearre reisgids Lonely Planet. Earder tipte it tydskrift National Geographic Traveller de provinsje en Ljouwert as topbestimming foar 2018. De Waadeilannen hellen de list '52 places to go to in 2019' fan The New York Times. Mar de grutste oanlûkingskrêft op meetingplanners is fansels Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

Smyt it wat op?

"De internationale congres- en vergadermarkt is een miljoenenmarkt die zeker voor Friesland kansen biedt," jout Jant van Dijk fan Friesland Convention Partners oan. "De bestedingen van de zakelijke toerist zijn vele malen hoger dan de bestedingen van de leisure-toerist. Deze markt is dus zeer de moeite waard om serieus op in te spelen."

Trefwurden: 
Fryslân toerisme reizgjen
(advertinsje)
(advertinsje)