Wurkstraf easke aldereinfersoarchster

10 nov 2011 - 15:54

Tsjin in ynwenster fan Drachten is tongersdei 180 oeren wurkstraf en in foarwaardelike selstraf fan 3 moanne easke om't se tsien bewenners fan in soarchsintrum bestellen hat. It soarchsintrum wie twa jier lang yn de ban fan de stellerij. De ympakt is grut op de Warrenhove.

Stellerij út soarchsintra en âldereintehúzen yn Fryslân komt hieltyd faker foar. Dat docht bliken út de lêste plysjesifers. Dit jier hawwe oant no ta 31 soarchynstellings doelwit west fan dieven.

(advertinsje)