Frijwilligersjild bliuwt oer

Gemeentehûs yn Burgum © Google Streetview
Frijwilligers yn Tytsjerksteradiel witte faak net dat se jild fan de gemeente krije kinne foar in oplieding. De gemeente stelt alle jierren 4000 euro beskikber, mar dêrfan bliuwt faak jild oer.
De fergoeding is bygelyks foar frijwilligers yn in fuotbalkantine. Dy moatte in kursus sosjale hygiëne dwaan. De fergoedingen wurde regele troch de frijwilligersintrale. Dêr binne it ôfrûne jier sawat tolve oanfragen kaam. As der jild oerbliuwt, giet dat yn de pot foar takom jier.