Haga wol aktyf bliuwe yn Brussel as 'reserve-Europarlemintariër'

27 maaie 2019 - 10:46

Anja Haga, de nûmer 3 op de list fan ChristenUnie/SGP, is tige grutsk op de stimmewinst foar de ChristenUnie/SGP. "Wy hawwe ús twa sitten fêsthâlden. Foar de ChristenUnie is dat best lestich by in hegere opkomst."Haga wennet yn Dokkum en skoarde goed yn de gemeentes Noardeast-Fryslân en Dantumadiel, dêr't de ChristenUnie de measte stimmen krige. Hoefolle foarkarstimmen Haga mei-inoar krigen hat, wit se noch net. Yn teory soe dat har in sit yn it Europeesk Parlemint opsmite kinne, mar dêr giet se net fan út.

Anja Haga mei har programmapunten foar it Europeesk Parlemint - Foto: Omrop Fryslân

De Europeeske polityk hat Haga nei de kampanje fan de ôfrûne tiid sa bot yn 'e besnijing krigen dat se hjirmei trochgean wol as 'reserve-Europarlemintariër'. "It is de bedoeling om alle moannen in pear dagen nei Brussel te gean om ek te besykjen om saken dy't ik wichtich fyn op de aginda te krijen," Haga presintearre koartlyn in Europeesk '4-punteplan foar Noard-Nederlân'. "Ik haw dêr kampanje foar fierd en dan moatte je dêr ek mei trochgean."

Trochstreame nei ferrin fan tiid

Haga wol har yn Brussel sterk meitsje foar saken as bettere treinferbinings, in plastikfrije see, duorsume lânbou en fiskerij en in bettere posysje foar it Frysk en Nedersaksysk. Haga hopet nei ferrin fan tiid trochstreame te kinnen nei it Europeesk Parlemint as opfolger fan Peter van Dalen, dy't al tsien jier Europarlemintariër is foar de ChristenUnie.

Harkje nei Anja Haga

(advertinsje)
(advertinsje)