Jan Huitema wol in frou as foarsitter fan de nije Europeeske kommisje

27 maaie 2019 - 10:31

Europarlemintariër Jan Huitema wol graach in froulike foarsitter foar de nije Europeeske kommisje. Huitema jout de foarkar oan de Deenske Margrethe Vestager boppe de Nederlânske kandidaat Frans Timmermans. "Vestager hat it geweldich dien as kommissaris foar 'mededinging' en hat ek in goeie útstrieling. Ik fyn dat it tiid wurdt dat de Europeeske kommisje in froulike foarsitter krijt."

Jan Huitema wol graach dat Margrethe Vestager Juncker opfolget - Foto: EC audiovisual service

Yn it Europeesk Parlemint giet de feehâlder út Makkingea troch mei de portefúljes lânbou en miljeu. Dêrnjonken hat er ek belangstelling foar finânsjes. Dy portefúlje is wichtich, omdat de Europeeske Uny dwaande is mei in mearjierrebegrutting foar de kommende sân jier.

Macht brutsen

De macht fan de grutte partijen yn it Europeesk Parlemint is brutsen. Oant no ta hiene yn Brussel de Kristen-Demokraten en de Sosjaal-Demokraten altyd tegearre in mearderheid, mar dat is no net mear sa. Beide partijen ferlearen tsientallen sitten. Yn it nije Europeesk Parlemint binne de liberalen no de tredde partij en ek nedich foar in mearderheid. De liberalen hawwe goed buorke, want se giene fan 68 nei 110 sitten yn it nije Europeesk Parlemint.

Folle demokratysker

VVD-Europarlemintariër Jan Huitema út Makkingea hie wol rekkene op in bytsje groei. "De VVD-fraksje yn it Parlemint wie yn ferhâlding net sa grut. It is moai dat we no groeie." De grutte sprong foar de liberale ALDE-fraksje is te tankjen oan de nije partij La Republique en Marche fan de Frânske presidint Emmanuel Macron. Huitema is der hiel bliid mei dat de mearderheid fan kristendemokraten en sosjaal-demokraten trochbrutsen is. "Dy ferdielden faak tegearre de wichtige funksjes, lykas it foarsitterskip fan it parlemint. It is yn myn eagen folle demokratysker dat dat no net mear mooglik is."

Mandaat fan de kiezer

Huitema bedarre fiif jier lyn yn it Europeesk Parlemint op basis fan foarkarstimmen, dy't er sammele tanksij in yntinsive persoanlike kampanje op syn blauwe trekker. Ek dit jier hat er wer op dy wize kampanje fierd. De boer-politikus fynt it wichtich om te wurkjen op basis fan in 'persoanlik mandaat fan de kiezer'.

Jan Huitema jout Emiel Stoffers in rûnlieding troch it Europeesk Parlemint - Foto: Omrop Fryslân

Europarlemintariër Jan Huitema oer de útslach

Ferslachjouwer Onno Falkena oer de ferkiezingsútslach

(advertinsje)
(advertinsje)