Man út Goutum rydt 220 kilometer yn 'e oere op Wâldwei

27 maaie 2019 - 09:42

In bestjoerder út Goutum moast freedtejûn syn rydbewiis ynleverje nei't er mei mar leafst 220 kilometer yn 'e oere oer de Wâldwei by Garyp ried. Op de Wâldwei is 100 kilometer de maksimum snelheid.

Hurdrider - Foto: Shutterstock.com

Ek in 28-jierrige man út Grins trape dit wykein it gaspedaal op de Wâldwei by Garyp krekt wat te fier yn. Hy kaam út op 146 kilometer yn 'e oere. Boppedat ried de Grinzer sûnder rydbewiis en joech er in falske namme op doe't de plysje him oan de kant sette. De man moast mei nei it buro foar in bloedproef. Foar alle trije oertredings krige er in boete.

Trefwurden: 
Wâldwei Garyp hurdrider
(advertinsje)
(advertinsje)